Kears fan ferbining te keap
Yn 2022 komme de tsjinsten fan Omrop Fryslân elke moanne fanút in oare tsjerke, de ‘Tsjerke fan de Moanne’. En as teken fan ferbining reizget in grutte kears mei fan tsjerke nei tsjerke. Op de kears stean in oantal symboalen:
De ierdbol droegen yn de hannen fan God as teken fan oekumene. It wurd oekumene betsjut letterlik ‘hiel de wrâld’ as teken fan de bân dy’t wy as minsken en tsjerken hawwe, dwers troch de eigen tradysjes hinne.
It opriizjend krús stiet achter de ierdbol as teken fan Jezus Christus yn wa’t ús ferwachting leit.
It pompeblêd, teken fan Fryslân en it Frysk.
De Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân hat fan dizze grutte kears ek in lytse fariant meitsje litten (30 sm.). Dizze kears is te keap en kin brûkt wurde om thús oan te stekken as men sjocht nei de tsjerketsjinst op Omrop Fryslân, as teken fan ferbining.
De kears kostet € 35,00 ynklusyf ferstjoer- of besoarchkosten en kin besteld wurde troch in mailtsje te stjoeren nei ús ponghâlder Jelle de Jong: j.k.dejong@planet.nl