Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. Omrop Fryslân makket radio en telefyzje yn it Frysk, dêrmei is de omrop de ienige stjoerder fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert. Omrop Fryslân is in sterk merk, fan betsjutting foar de Fryske mienskip as medium dat de kultuer en de mienskipssin yn ús provinsje fersterket. Omrop Fryslân wol yn it eigen gebiet it liedend mediabedriuw wêze en midden yn de Fryske mienskip stean.


Stifting Omrop Fryslân is de publike regionale radio- en telefyzjestjoerder yn Fryslân. Fanwegen de status fan it Frysk as twadde rykstaal, makket Omrop Fryslân ek dokumintêres en skoaltelefyzjeprogramma’s foar de lanlike publike omrop.

Webside: www.omropfryslan.nl